It Fryske lintsje

"Hjir binne se dan, de ferskes fan Strawelte op glimmend plastic
 No't de groep der net mear is, wurdt harren wurk nochris
 oanpasse oan de hjoeddeiske easken fan de technyk, sa't de
 Strawelte-fans mei sa'n nijmoadrich cd-apparaat harren dêr ek
 mei útlibje kinne. Yn de seal kin't net mear, want it Strawelte-
 haadstik is hjirmei wol foargoed ôfsletten. As der net wer in réuny
 komt, lykas dy kears op Wâldrock, seis wiken nei harren
 ôfskiedskonsert. Sa'n fyt is fansels wol karakteristyk foar it
 hâlden en dragen fan Strawelte, dat in goede trije jier de saken op
 eigen wize oanpakt hat en dêrmei noch aardich fier kommen is.
 Bûten de provinsje hoechden jo Strawelte eins net te ferwachtsjen.
 Kamen se wolris fierder, dan diene se it daliks mar goed: yn it hol
 fan de liuw (Grins) of dat fan de bear (Litouwen, doe noch part
 fan de Sovjet-Uny). Strawelte yn'e loft, noch sa'n fyt de jonges
 fan de Kameleon weardich.

 Strawelte wie der altyd foar de fans, dy 't harren mei hûnderten
 tagelyk op it fenomeen stoartten. Dêrmei hat Strawelte syn plak
 yn'e histoarje fan de Fryske pop wol ynnommen. En oars wol mei
 harren ferskes, dêr 't de measten fan op dizze CD steane.
 Willepunk, sa ha ik (en nimmen oars) dizze muzyk ea doopt. No,
 wille ha wy mei Strawelte wol hân."

JACOB HAAGSMA (popskriuwer Ljouwter Krante)

Back